Minder faak wachtsje foar brêge troch sintraal betsjinningssysteem

05 mrt 2019 - 22:03

Beropsfeart en wettersporters hoege hieltyd minder faak te wachtsjen foar tichte brêgen yn Fryslân. Ek hoecht der folle minder faak brêgejild betelle te wurden. Dat is it resultaat fan it programma 'Brêgebetsjinning op ôfstân' dat de provinsje yn gearwurking mei gemeenten útfiert.

In iepen brêge - Foto: Shutterstock.com

Under it plan falle ûnder oare in sintrale brêgebetsjinning mei as stânplak Ljouwert, it ôfskaffen fan it klompkejild en it foarkommen dat boatsjefarders foar in brêge wachtsje moatte omdat de brêgewipper skoft hat. Dat lêste is by goed 150 brêgen yn Fryslân wol it gefal, by sa'n twahûndert hoecht net mear betelle te wurden. En fjirtich Fryske brêgen wurde al sintraal betsjinne.

"De ôfstimming tusken brêgen dy't ticht byinoar lizze, hawwe wy better regele, wêrtroch't de wachttiden folle minder lang binne. Dat jout folle minder argewaasje foar de wettersporter. En dat is wer goed foar toerisme en rekreaasje yn Fryslân", seit deputearre Klaas Kielstra.

Deputearre Klaas Kielstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)