Tim Douwsma lilk: "Single Fryslân wurdt net draaid fanwege de taal"

'We vinden de plaat te gek, maar we draaien hem niet vanwege de taal.' Dat is wat Tim Douwsma te hearren krijt oer syn nije single Fryslân fan nasjonale radiostasjons. Dêr is er lilk om. En ek frustrearre, sa't er sels seit.
© Omrop Fryslân
Tim Douwsma is lilk

Net draaie fanwege de taal

"Wêr slacht dat op, tink ik dan. De Kast en Twarres wol folop draaie, en dan wolle se der no ynienen net mear oan?", seit in teloarstelde Tim. Op Instagram en Facebook kriget er in soad reaksjes fan lilk fans en fan Fryske minsken dy't it belachlik fine. "Sy binne grutsk op it ferske, mar yn de rest fan it lân is it lestiger. De reden dat se de plaat net draaie fanwege de taal, is wol in bytsje gek en skeef, fyn ik."

Dance remix

As it ferske yn Fryslân in soad download en beharke wurdt, is dat in yngong nei in lanlike hit, jout Tim ta. "Dan kinne se der yn de rest fan it lân net mear omhinne." Fan it nûmer is wol in dance remix makke foar yn de hoareka. "Geweldich", laket Tim. "De dj's fan Ouwe Jongens Krentenbrood fregen my oft dat mocht en fansels sei ik ja. Hiel grappich en hartstikke leuk."

Suppe mei Elske

Tim is gelokkich mei syn Fryske freondinne Elske. Hy hat ek al mei west te suppen. "Sy hat in eigen supbedriuw by de Leijen. It wie sok moai waar ferline wike, dat se sei : Wy gean in blok om. Ik koe fansels minder goed suppe as har. Mar ik bin drûch oan de oare kant kaam en dêr bin ik bêst wol grutsk op."