Frijwilligers brânwacht Aldegea foar de keuring

05 mrt 2019 - 20:30

Sechstjin frijwilligers. Safolle binne der nedich foar de nije brânwachtkazerne yn Aldegea (Smellingerlân). It doarp leit yn in gebiet op mear as 18 minuten riden foar de brânwacht. In eigen kazerne lost dat probleem op. Dêrom hat de Veiligheidsregio ferline jier in oprop dien yn it doarp.

Petear Frijwilligers brânwacht Aldegea foar de keuring

Mear as fjirtich frijwilligers hawwe harren in pear moanne lyn oanmeld. Foardat se oan de slach kinne, moatte se kard en oplaat wurde. Hoe't dat giet en hoefolle oft der oerbliuwe, folget Omrop Fryslân de kommende moannen.

Noch 32 frijwilligers oer

Spitigernôch binne ôfrûne sneon twa kandidaten net troch de test kaam, fertelt Schouwstra. "Dy hawwe fan de keuringsdokter tips en advizen krigen. Se kinne traine en it letter nochris besykje. Wy hawwe oer in pear jier wer nije ynstream nedich."

Op dit stuit binne der 32 frijwilligers oer dy't oan de oplieding begjinne kinne. Dat binne tsien minder as de 42 dy't harren in pear moanne lyn opjûn hawwe. "Dy tsien hawwe nei de foarljochting besletten it dochs mar net te dwaan. Dat lei foaral oan de stúdzjebelesting."

Schouwstra hat der alle fertrouwen yn dat mei se dizze groep de kazerne draaiende hâlde kinne. "Wy hawwe gewoanwei sechstjin minsken nedich foar sa'n kazerne. Mar omdat minsken op de oplieding en yn de jierren dêrnei noch wol ôfheakje kinne, woenen wy mear as tweintich minsken hawwe foar de oplieding. Dat is slagge, dus ik bin noch hieltyd bliid."

Lang trajekt

"It is in unyk trajekt dat wy yngean", seit projektlieder Pieter-Jan Schouwstra. "Der komme wol faker nije kazernes, mar net faak yn in doarp dêr't noch nea ien west hat. Dêrom wurket it kwa oplieding wat oars. De komplete groep is nij. Gewoanwei soene de frijwilligers dy't al langer yn tsjinst binne de nijere frijwilligers op sleeptou nimme en harren saken leare. Mar dat kin no net."

De frijwilligers moatte in lang trajekt yn, om úteinlik op de post as brânwachtman of brânwachtfrou oan de slach te gean. Sa moatte se bygelyks in spesjale keuring ûndergean en in 'ferklearring fan goed gedrach' (VOG) krije. As dat posityf is, krije de potinsjele brânwachten yn de maitiid fan 2019 in oplieding ta frijwilliger en moatte se dêr yn 2021 klear mei wêze. De skep foar de nije brânwachtkazerne moat dan ein 2019 de grûn yn kinne.

Foto: Veiligheidsregio

De famylje Benedictus

Ien fan de frijwilligers is Richarda Benedictus. Sy hat har mei har man Jan en har bern Lucas en Naömi opjûn. Richarda rûn al in skoft mei it idee om dat se graach by de brânwacht woe. "Ik heb iets met hulpverlening. Ik ben ook burgerhulpverlener en ga naar evenementen om daar EHBO te verlenen."

Oant no ta wie it foar har net mooglik om by de frijwillige brânwacht te gean troch har wurk, want kandidaten moatte binnen 5 minuten by de kazerne wêze kinne as se oproppen wurde. "Ik werkte eerst voor een tankstation en na gesprekken met mijn baas was het snel duidelijk dat dit niet te combineren was met de brandweer." Mar doe kaam foar Richarda de kâns om yn jannewaris gastâlder te wurden. "Ik heb weer overlegd met het bedrijf en zo hebben we achterwachten geregeld die inspringen kunnen als ik weg zou moeten."

Foto: Omrop Fryslân

De man fan Richarda, Jan Benedictus, hat him ek opjûn as frijwilliger. Hy is mei 52 jier ien fan de âldsten. "Het kon nog maar net", fertelt Richarda. "De maximumleeftijd was eerst 50 jaar, maar dat hebben ze aangepast." Jan is installateur. Hy wurket oerdeis op in ferskate plakken. Dêrom hat er him opjûn foar yn it wykein en foar de jûn.

De dochter fan Richarda, Naömi fan 19 jier, hat ek har opjûn as frijwilliger oerdeis. Naömi giet no noch nei skoalle, mar se is oer in pear moanne klear. Dan is it de bedoeling dat se in berne-opfang opset mei har mem. "Op die manier kunnen we elkaar opvangen, als een van ons wordt opgeroepen. Dan kan de andere het overnemen."

Soan Lucas wurket foar de Jumbo en kin allinnich nachts en yn it wykein. De húshâlding bestiet út noch in lid: de jongste dochter fan 13 jier. Dy wol ek hiel graach meihelpe, mar se is noch te jong. "Maar we spreken er thuis wel vaak over, zodat we haar mensen in het proces."

Foto: Omrop Fryslân

18 plus

Yn Fryslân binne 1800 wenningen dêr't de brânwacht net binnen 18 minuten komme kin. In tredde dêrfan (664) leit yn Aldegea (Smellingerlân). De oare plakken dêr't in soad huzen lestich te berikken binne, binne Earnewâld (124 wenningen) en Twellingea (113 wenningen). "De foarneamste reden dêrfoar is dat in soad minsken bûtenút wenje. En foar Aldegea hawwe it wetter en de kanalen in grutte ynfloed. Dan duorret it gewoan langer foardat wy der komme kinne", seit Jan Wobma, fan de frijwillige brânwacht fan Burgum. Tegearre mei de brânwacht fan Drachten binne sy ferantwurdlik foar Aldegea.

"Ik heb me nooit onveilig gevoeld"

Richarda fynt it wichtich om wat foar it doarp te dwaan. "In het dorp kennen we elkaar allemaal. Als er bij iemand brand uitbreekt en de brandweer is te laat, dan grijpt dat je aan." Sels wennet Richarda yn it midden fan it doarp. Se wist dat harren wenning yn de saneamde '18 plus-gebiet' stiet. By brân yn har hûs sil de brânwacht pas nei 18 minuten by harren komme kinne. "Maar ik heb mij nooit onveilig gevoeld. De Veiligheidsregio heeft een woningcheck bij ons gedaan en wij zijn ook geïnformeerd over de situatie."

Ek foar de saken dy't se meimeitsje sil op lokaasje stiet Richarda hiel nuchter yn. "Ik weet van mezelf dat ik meteen in actie kom. Bij iets heftigs denk ik op het moment zelf dat het goed zal gaan. Ik denk dat voor mij vooral de klap erna zal komen. Maar daarvoor hebben we speciale teams die je daarmee kunnen helpen."

Trefwurden: 
brânwacht Aldegea kazerne
(Advertinsje)
(Advertinsje)