Bêd en brochje Ljouwert tenei ek yn bygebouwen tastien

05 mrt 2019 - 20:05

Bygebouwen yn de gemeente Ljouwert meie tenei ek brûkt wurde foar bêd en brochje. Oant no ta mocht dat allinnich mar yn in wenhûs. De regeling is feroare om mear mooglikheden te kreëarjen foar it jaan fan ûnderdak oan toeristen.

Moarnsbrochje op bêd - Foto: Shutterstock.com

Der binne wol easken oan ferbûn. Sa meie der maksimaal fjouwer sliepplakken wêze. Fierders moat de haadbewenner der ek echt wenje en it bygebou moat op syn minst 25 fjouwerkante meter grut wêze.

Neffens wethâlder Hein de Haan is der in soad fraach nei sokke akkommodaasjes: "Het is bij mensen thuis, kleinschalig en het past goed bij gastvrij Leeuwarden." De Haan tinkt benammen dat bewenners fan de doarpen fan de gemeente Ljouwert profitearje kinne fan de nije regels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)