Plannen nijbouwyk Unia by Ljouwert tydlik stillein

De plannen foar de nijbouwyk Unia by Ljouwert wurde foarearst op in sêft sin set. Dat hat wethâlder Hein de Haan bekend makke. Hy docht dat om dúdlik te krijen hokker beswieren oft omwenners krekt hawwe tsjin de plannen foar it nije buorskip oan de súdwestkant fan Ljouwert.
© www.dezuidlanden.nl

"Belofte frij útsjoch skeind"

By de ynspraakjûn yn de gemeenteried waard ferline wike dúdlik dat in soad fan de omwenners yn it buorskip Techum harren mislieden fiele. Harren wie tasein dat se frij of wiids útsjoch hâlde soene. Doe't de plannen presintearre binne, waard dúdlik dat de nije wyk folle tichterby de besteande bebouwing komt.
Wethâlder De Haan wol mei alle belutsenen opnij prate: "Ik ga niet toezeggen dat we de plannen gaan veranderen. Want we kunnen het niet iedereen naar de zin maken. Als duidelijk is waar de kritiek precies zit, kunnen we kijken wat we kunnen doen. Nu hebben we veel kritiek gehoord. maar inhoudelijk over de plannen weinig."

"Ferwachtingen net heech"

De petearen duorje oant april en dan komt de gemeente Ljouwert mei in nij brief mei de plannen foar it gebiet. Wykpanel De Súdlannen lit yn in reaksje witte dat se it 'in grutte stap fine yn mooglik de goede rjochting'. Mei it each op de ûnderfining dy't it wykpanel mei de gemeente Ljouwert hat, binne de ferwachtingen net heech, lit foarsitter Sint Smeding witte.

"Makelers moatte gjin frij útsjoch belove"

De Haan is ek oan de slach mei it ferbetterjen fan de kommunikaasje. Makelers en oare belutsenen is op it hert drukt dat se gjin beloftes dwaan meie op frij útsjoch yn de nije wyk. De Haan: "We bouwen daar de grootste nieuwbouwwijk fan Fryslân. Het gaat in totaal om 5600 woningen. Dan kan ik die belofte niet doen. Wel dat we bouwen met een oog voor groen en open ruimtes."
It ferlet oan wenten yn Ljouwert is grut. Makelers trúnje by de gemeente Ljouwert oan om haast te meitsjen mei it útjaan fan nije boukavels.
Wethâlder Hein de Haan oer bouplannen útbuorren Unia