Foppe de Haan oer beneaming Roozemond: "Opmerklike gong fan saken"

"It is in opmerkelike gong fan saken." Dat seit âld-trainer Foppe de Haan fan Sportklup Hearrenfean oer de beneaming fan Cees Roozemond as de nije algemien direkteur. "Ik bin krekt werom út Súd-Afrika, mar haw alles wol sa'n bytsje meikrigen wat der spilet op de klup. Al haw ik gelokkich net alles lêzen."
Cees Roozemond FH live
De Haan hat mei ûnder oaren earefoarsitter Riemer van der Velde en Gertjan Verbeek in plan betocht om de klup der wer boppe-op te helpen en soe dêr woansdei mei Roozemond oer prate.

"Ik fernuverje my oer dizze beneaming, want moandei binne wy útnûge om mei Cees Roozemond en mei in delegaasje fan it Stichtingsbestjoer en de ried fan kommissarissen te praten oer de takomst fan de klup.

"Kâns nea krigen"

"Wy wolle yn breder ferbân útlizze hoe't wy deroer tinke, mei-inoar filosofearje hoe't wy de klup helpe kinne. Dy kâns hawwe wy nea krigen. En as sy dan sizze dat se der oars oer tinke, dan is dat ek prima."

In betingst fan de 'groep-Van der Velde' hat altyd west om earst in plan te meitsjen en dêrnei de minsken te beneamen. De beneaming fan Roozemond stiet dêr heaks op. De Haan: "Yn it ferline binne der faak minsken beneamd fan wa't letter bliken die dat se ûngeskikt wiene. Lit ús dat no ris foarkomme".
Cees Roozemond © www.orange-pictures.nl

Roozemond: "Snel weer over voetbal hebben"

"Ik hoop dat we het zo snel mogelijk weer over voetbal kunnen hebben", sei Cees Roozemond, nei't er earder op de dei definityf beneamd waard ta direkteur fan Sportklup Hearrenfean. "Ik heb altijd gezegd: ik ga er niet over. De datum zat eraan te komen dat het besluit kenbaar zou worden gemaakt. Ik ga met alle plezier deze uitdaging aan."
Der lizze útdagingen genôch foar de fuotbalklup. "We hebben te maken met teruglopende bezoekersaantallen, net als alle clubs trouwens. Er moet natuurlijk ook wat aan de omzet gebeuren."
De 59-jierrige Roozemond wie eartiids sakeman. Sa wie er fan 1982 oant en mei 1997 direkteur fan Ceteco, in hannelshûs dat yn 1999 fallyt gie. Yn 2017 hat er syn bedriuw RTCL Rotterdam Tankcontainer Leasing ferkocht. Roozemond hat benammen in soad dien yn 'e hynstewrâld. Sa wie er foarsitter fan de Koninklijke Vereniging van Friesche Paarden en is er no bestjoersfoarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie. Roozemond is dêrnjonken sûnt 2014 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf.