Speedboat stellen yn Balk

De plysje ûndersiket de stellerij fan in speedboat út de haven oan de Jachthavendyk yn Balk. Sneontemoarn ûntduts de eigener dat syn bordeaux-reade Elan 495 mei 60 pk Suzuki bûtenboardmotor fuort wie.
De plysje die in oprop op Burgernet op it wetter om nei de boat út te sjen, mar dat hat de boat oant no ta net werombrocht. De eigener (45) fan de boat út Alkmaar hat oanjefte dien.