#Doeslief ropt reaksje op: "Der is al genôch negatyfs yn 'e wrâld"

05 mrt 2019 - 17:54

Neffens ûndersyk fan SIRE (Stichting Ideële Reclame) nimt asosjaal gedrach bot ta yn ús maatskippij. Dêrom hat de stichting de kampanje #doeslief lansearre, om minsken bewust te meitsjen fan harren uteringen. SIRE rjochtet him op asosjaal gedrach op social media, mar ek op uteringen yn it deistich libben.

Joyce Beukema út Ljouwert sit as aktiviste faak yn it each fan de stoarm. Sy wurdt op sosjale media en yn it echte libben foar de slimste dingen útskolden. "Ik wurd somtiden dagen nei in demonstraasje noch werkend. Dan krij ik te hearren dat ik oprotte moat, of my de bek hâlde moat." Op Facebook en Instagram krijt Beukema faak priveeberjochtsjes. "Minsken wolle sa harren miening jaan, mar meastentiids is dat in soad flokke en tiere."

Op Facebook hat Omrop Fryslân wolris nijs pleatst, dat giet oer in demonstraasje dêr't Joyce it wurd fierd hat. Somtiden binne der dan minsken dy't mei reaksjes komme lykas Spiegeltje spiegeltje aan de wand, deze vrouw heeft een zwaar geestelijke achterstand, rot toch op snol of Na de 2e wereldoorlog werden dit soort vrouwen de kop kaal geschoren en ingesmeerd met pek en veren. Ik zeg voer maar weer in!

Foto: Omrop Fryslân

"De drompel om online wat te sizzen is hiel leech. Elkenien kin samar wat roppe, faak net iens ûnder de eigen namme. Ik besykje dat soart fan reaksjes foar mysels gewoan te negearjen." Is it net raar, dat wy dêr it wurd 'gewoan' foar brûke? "Dat tink ik wol ja. It is online sa hurd gien, dat we dit gedrach normaal fine. No't ik der oer neitink, is dat wol hiel apart."

Oare namme op sosjale media

Joyce is dus aktyf op sosjale media. Se docht dat net mei har eigen (efter)namme. Sa wol se benammen har famylje beskermje. "Ik haw bygelyks twa neefkes dy't hjir yn Fryslân opgroeie. Dy hawwe deselde efternamme as my. Dan wol ik net dat se lestichfallen wurde, omdat ik wat sein haw."

(advertinsje)
(advertinsje)