Microsoft Office yn it Frysk: net mear benaud foar in flaterke

05 mrt 2019 - 17:43

Elkenien yn Fryslân moat yn de programma's fan Microsoft Office aanst in Fryske staveringskontrôle brûke kinne. Dat wol de provinsje yn gearwurking mei Microsoft mooglik meitsje. Dan giet it oer programa's lykas Word, Outlook, Excel en Powerpoint.

"Ast yn ien fan dy programma's wurkest, dan makkest wolris in flater", seit deputearre Sietske Poepjes. "Dan krijst no noch alternativen foar hoe'tst it dan wol skriuwst, mar allinnich yn it Nederlânsk. Wat wy wolle, is dat der tenei ek in alternatyf komt foar de Fryske stavering."

290.000 wurden

De provinsje wurket dêrby gear mei de Fryske Akademy en Microsoft. "We meitsje in hiel grut bestân mei 290.000 wurden yn it Frysk. Dy wurde yn de programma's fan Microsoft set, sadat minsken net benaud hoege te wêzen foar in flaterke, as se it Frysk brûke wolle yn in profesjonele setting. It programma hellet dy der aanst út: skriuwst 'internet', dan krijst 'ynternet' as alternatyf." It kostet sa'n 40.000 euro.

Wannear moat it klear wêze? "Uterlik yn de simmer wolle we graach dat minsken yn it Provinsjehûs en by de Fryske Akademy it programma teste kinne", seit Poepjes. "Dan sjogge we oft it wurket yn technyske en taalkundige sin."

En de bedoeling is dat it dêrnei sa gau as mooglik foar elkenien beskikber is. "Microsoft stiet der hiel iepen foar", seit Poepjes. "Dy sizze: wy wolle dat safolle mooglik fan ús kompjûterprogramma's troch minsken brûkt wurde kinne op in manier dy't it tichtstby harren stiet. Yn ús gefal is dat it Frysk. Hooplik kinne dit jier noch minsken it sels brûke."

'Apple-legioen'

Dit giet om de Microsoft-programma's, mar hoe sit it mei de programma's fan Apple? "Wy binne begûn mei Microsoft, omdat sy dêr hiel iepen foar stean en omdat in hiel protte minsken it brûke", seit Poepjes. "Mar it 'Apple-legioen' is hast net lytser. Dus ast in taal libjend hâlde wolst yn dizze tiid, dan moat Apple derefteroan."

Deputearre Poepjes fertelt wat der krekt komme moat

(advertinsje)
(advertinsje)