Taname wurkgelegenheid Fryslân heger as lanlik byld: "Yn it linkerrychje"

05 mrt 2019 - 16:42

De wurkgelegenheid yn Fryslân giet hurder omheech as trochsneed yn Nederlân. It ôfrûne jier is it tal banen yn ús provinsje mei 2,6 persint groeid. It gemiddelde yn Nederlân is 2,2 persint. "Fryslân stiet foar it earst yn jierren yn it linkerrychje", seit deputearre Sander de Rouwe.

Benammen it súdeasten fan de provinsje docht it goed: de regio's fan Drachten en It Hearrenfean. Ek Snits en omjouwing dogge it goed. "De groei komt benammen troch it ynnovaasjekluster, de agraryske sektor en de boubedriuwen", seit De Rouwe.

Gebieten yn Fryslân dy't it minder dogge, binne Ljouwert en Noardeast-Fryslân. "Yn Ljouwert komt dat benammen troch de finansjele sektor", leit De Rouwe út. We biede de minsken 'omscholing' oan, mar dêr giet wat tiid oerhinne."

Sinten foar de regio

Noardeast-Fryslân krijt sinten fan it ryk mei de regiodeals. Dat giet nei Holwert oan See, mar ek nei in ekonomysk programma yn dy regio. "Us oprop oan it ryk is no om it jild flot te jaan", seit De Rouwe. "En de oprop oan de regio: oan it wurk dermei. Want ús mkb'ers hawwe echt ekstra minsken nedich. Dus as we it jild gau útjouwe oan de juste projekten, dan kin dat ús ekonomy noch mear helpe."

(advertinsje)
(advertinsje)