Feroarsaker deadlike oanriding yn Drachten moat boete betelje

05 mrt 2019 - 15:56

In 47-jierrige ynwenner fan Drachtster Kompenije, dy't as bestjoerder fan in graafmasine belutsen wie by in deadlike oanriding, is tiisdei feroardiele ta in boete fan 750 euro. Neffens de rjochtbank wie der sprake fan in 'ferkearsflater'.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Op 1 juny 2017 ried de man op in sebrapaad yn de Gauke Boelensstrjitte yn Drachten in 88-jierrige frou oan. Sy ferstoar op it plak fan it ûngelok. De man fan Drachtster Kompenije hie de frou net sjoen. De offisier fan justysje sei twa wiken lyn dat se man "zeer onvoorzichtig" riden hie. Dy easke ek in wurkstraf fan 120 oeren, 60 oeren ûnder betingst en in ryd-ûntsizzing fan in jier ûnder betingst.

De rjochtbank sei lykwols, yn tsjinstelling ta de offisier, dat de bestjoerder him net skuldich makke hie oan in ferkearsmisdriuw, mar dat er dus in ferkearsfout makke hie. Hy hie wis wêze moatten dat it sebrapaad frij wie en hy hie de frou foarrang jaan moatten.

Just goed oplet

It slachtoffer siet nei alle gedachten yn de deade hoeke fan de gyk fan de graafmasine. Tsjûgen hiene sein dat de man stadich ried en dat er him just hiel goed dwaande hold mei it ferkear om de graafmasine hinne.

Boppedat fûn de rjochtbank it yn it foardiel fan de man sprekken dat er kontakt socht hie mei de nebesteanden.

(advertinsje)
(advertinsje)