Minister Slob sil stranger tasjen op ûnderwiis yn krimpregio's

05 mrt 2019 - 15:53

Minister Arie Slob wol stranger tafersjoch op skoallen yn krimpgebieten. Se moatte goede plannen meitsje foar de kommende tsien jier, om derfoar te soargjen dat it oanbod rûnom op peil bliuwt. Yn ús provinsje is Noardeast-Fryslân in krimpgebiet.

Minister Arie Slob - Foto: Omrop Fryslân

Mei it strangere tafersjoch reagearret de minister op it advys fan de kommisje-Dijkgraaf, dy't advys útbringt oer it ôfnimmen fan learlingen yn it fuortset ûnderwiis.

"Iedere leerling moet op een acceptabele afstand naar een voor hem of haar goede school kunnen", seit Slob. "Dat kan alleen als scholen in krimpregio's nu al plannen maken voor de toekomst." Guon skoallen ûnderskatte de omfang of urginsje fan de ôfname fan learlingen lykwols, fertelt de minister. Dêrom nimt er maatregels.

As de kommende tsien jier problemen ûntstean en skoallen net genôch dogge, moatte de skoalbestjoeren in plan fan oanpak meitsje.

Ofwike fan de regels

Minister Slob sil ek ûndersykje oft der in regeling komme moat om it ûnderwiisoanbod yn guon regio's takomstbestindich te meitsjen. Dat kin troch bygelyks fan guon "knellende" regels ôf te wiken, yn de wurden fan de minister.

(Advertinsje)
(Advertinsje)