Selstraf foar Sweed dy't sjongeres Hiske Oosterwijk stalkte

05 mrt 2019 - 15:44

In man út Sweden moat acht moanne de sel yn foar it stalken fan de Fryske sjongeres Hiske Oosterwijk. De Sweed wie fereale op de sjongeres, mar dat kaam net fan twa kanten.

Hiske Oosterwijk - Foto: Hiske Oosterwijk

De Sweed stjoerde Hiske Oosterwijk e-mails, belle har en spruts har voicemail yn. Hy gie ek by har heit en mem yn Mantgum del en liet dêr brieven en kadootsjes achter. En hy drige himsels tekoart te dwaan, as er har net te sprekken krige. Neffens saakkundigen hat de man in depressive steurnis.

Njonken de finzenisstraf hat de Sweed ek in kontaktferbod krigen. Hy mei de sjongeres en har âlden net benaderje.

(advertinsje)
(advertinsje)