Fryslân betinkt 'ús ferlosser' Domela Nieuwenhuis yn 100ste stjerjier

05 mrt 2019 - 15:31

Hûndert jier lyn ferstoar Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de sosjalist dy't by Fryske arbeiders bekend stie as 'ús ferlosser.' Der binne it hiele jier tal fan aktiviteiten omtrint de politikus: tiisdeitejûn trapet Tresoar ôf mei in lêzing.

Foto: Omrop Fryslân

Histoarikus Jan Willem Stutje is tiisdeitejûn de earste dy't yn Ljouwert wat fertelle sil oer de garismatyske sosjalist. Yn 2012 publisearre Stutje in biografy oer Domela Nieuwenhuis. Yn de lêzing sil hy tiisdeitejûn fertelle oer Domela en de sosjalistyske beweging yn de begjinjierren. De foardracht is de earste fan trije, yn Tresoar organisearre troch de wurkgroep Studium Generale Fryslân. Op 12 maart folget Sabine Hiebsch en op 19 maart Yme Kuiper en Bert Looper.

Hiele jier aktiviteiten

Dêr hâldt it net mei op, want it hiele jier binne der ferskate aktiviteiten om de betsjutting fan Domela foar Fryslân te betinken. Yn april is der in konsert yn de menistetsjerke op It Hearrenfean en in lêzing yn It Damshûs yn Nij Beets. Yn maaie en septimber binne in lêzing yn Ljouwert en in boekpresintaasje yn Museum Opsterlân op De Gordyk.

Novimber is de stjermoanne fan Domela, dan binne der nochris twa lêzingen, in preek op De Gordyk en in spesjale Domela Nieuwenhuis-dei by Museum Heerenveen.

Alle aktiviteiten fan it Domela Nieuwenhuis-jier binne te finen op de webside fan it Domela Nieuwenhuis Fûns.

Domela Nieuwenhuis waard berne yn Amsterdam, mar kaam yn 1870 as dûmny yn Harns. Hy learde oer de earmoedige libbens fan lân- en feanarbeiders en makke him dêr lilk oer. Hy bekearde him ta it sosjalisme en waard foaroanman fan it Sosjaal-Domokratysk Bûn. Yn 1888 wie hy it earste sosjalistyske keamerlid fan Nederlân om't hy yn it kiesdistrikt Skoatterlân keazen waard. Yn Fryslân krige hy de bynamme 'Us ferlosser.' Benammen yn de Fryske feanterijen hong syn portret oan 'e muorre fan in protte feanarbeiders. Yn syn lettere libben waard Domela anargistysker, op 18 novimber 1919 ferstoar hy yn Hilversum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)