Ynbrekkers trappearre yn Snits

01 jul 2012 - 13:24

De plysje hat sneontenacht trije manlju (29, 26, en 21) út Utrecht en De Meern oanhâlden op fertinking fan ynbraak. In tsjûge seach tsjin alve oere jûns dat twa minsken in wente oan de Gravinnewei yngiene en alarmearre de plysje op 112.

De plysje gie der op ôf en seach twa manlju útnaaien troch it wetter. In sykaksje mei in plysjehûn levere neat op. Doe't in plysje letter in auto mei trije manlju oan 'e kant sette, siet der in wiete man achteryn. De trije waarden oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.

De manlju hiene ynbrekkersark by harren. De bewenner (76) fan it hûs hat oanjefte dien. Der moat noch besjoen wurde oft der ek wat stellen is.

(advertinsje)