UPDATE: Treinen tusken Grins en Bûtenpost ride wer

05 mrt 2019 - 13:54

Troch in oanriding mei in persoan op stasjon Zuidhorn hat it treinferkear tusken Ljouwert en Grins tiisdeitemiddei opûnthâld hân. Fan sawat kertier foar trijen ôf ferrûn it treinferkear wer neffens it boekje.

Oanriding op it stasjon yn Zuidhorn - Foto: De Vries Media

Arriva hat tusken Bûtenpost en Grins bussen ynset om de passazjiers te ferfieren. Arriva melde earder dat it opûnthâld oant sawat kertier oer fjouweren duorje soe. Dat is dus earder wurden.

Earder op de dei wiene der ek al problemen op it spoar. Troch in sein- en wikselsteuring rieden der oant 12.00 oere gjin sneltreinen tusken Ljouwert en Grins.

Ha jo problemen en ha jo help nedich? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie. It nûmer is 0900-0113 (24/7 berikber) of sjoch op www.113.nl.

Trefwurden: 
Arriva treinferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)