Fytser rekket ferwûne by oanriding op krusing yn Ljouwert

05 mrt 2019 - 13:32

In fytser is tiisdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding yn Ljouwert. It ûngelok barde op de krusing fan de Merodestrjitte en de Pieter Stuyvesantwei.

ûngelok - Foto: Kappers Media

Doe't de fytser oerstekke woe, waard dy oanriden troch in auto. Twa ambulânsen en ferskate plysjeweinen kamen teplak foar helpferliening. It slachtoffer is nei it sikehûs tabrocht. Hoe't it krekt mei it slachtoffer is, is net dúdlik.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok oanriding
(advertinsje)