Cees Roozemond definityf nije direkteur by SC Hearrenfean

Cees Roozemond wurdt definityf de nije direkteur fan SC Hearrenfean. Hy waard nei it opstappen fan Luuc Eisenga nei foaren ta skood as 'gedelegeerd bestjoerder'. It personiel is tiisdeitemiddei ynljochte.
Cees Roozemond FH live
Ein novimber seit it Stichtingsbestjoer, dêr't Roozemond op dat stuit foarsitter fan is, it fertrouwen op yn de ried fan kommissarissen. Algemien direkteur Luuc Eisenga lûkt syn konklúzjes en stapt ek op. Heal desimber beneamt it Stichtingsbestjoer twa nije kommissarissen: Egbert van Hes en Willem Jan van Elsacker.

Tydlik foarsitter

Roozemond sels stapt út it Stichtingsbestjoer en wurdt tydlik foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Boppedat wurdt hy beneamd ta 'delegearre bestjoerder' (gedelegeerd bestuurder). Op dizze wize nimt er oant 1 maart de posysje oer fan Luuc Eisenga. Dy perioade is no ferlinge foar ûnbepaalde tiid.
Willem Jan van Elsacker, ried fan kommissarissen SC Heerenveen, oer de beneaming fan Roozemond
De 59-jierrige Roozemond wie eartiids sakeman; sa wie hy fan 1982 oant en mei 1997 direkteur fan Ceteco, in hannelshûs dat yn 1999 fallyt gie. Yn 2017 ferkocht hy syn bedriuw RTCL Rotterdam Tankcontainer Leasing. Roozemond hat benammen in soad dien yn 'e hynstewrâld. Sa wie hy foarsitter fan de Koninklijke Vereniging van Friesche Paarden en is hy no bestjoersfoarsitter fan de Koninklijke Nederlandse Hippische Sportfederatie. Roozemond is dêrnjonken sûnt 2014 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Thialf.