LIJST058 stelt fragen oer stillizzen ferbouwing kafee De Ossekop

05 mrt 2019 - 12:23

De fraksje fan LIJST058 hat yn de gemeenteried fragen steld oer it stillizzen fan de ferbouwing fan kafee De Ossekop yn Ljouwert. De ferbouwer fan it pân soe de betingsten skeind ha, sa stelt de gemeente. LIJST058 wol ûnder oare witte hokker betingsten dat binne.

Kafee De Ossekop - Foto: Omrop Fryslân

LIJST058 wol fan de gemeente witte wêrom't de betingsten net op papier set binne. "Het is heel apart dat je voorwaarden afspreekt en die vervolgens niet op papier zet", fynt fraksjefoarsitter Otto van der Galiën. "Vooral omdat we het hier hebben over een rijksmonument. Dan ben je als gemeente toch uiterst behoedzaam."

De Ossekop sleat ferline jier nei 106 jier de doarren. It kafee wie benammen populêr by âldere Ljouwerters, sjoernalisten, middenstanners en amateursporters op sneontemiddei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)