Geit deastutsen yn Easterwâlde

01 jul 2012 - 13:13

De plysje hat sneontenacht in man (23) út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan fernieling en bistemishanneling. De plysje krige in melding dat in man ûnder ynfloed fan drugs in geit deastutsen hie en dy yn de tún fan in wente lizze liet.

De plysje fûn de deade geit wol, mar de fertochte net mear. Dy waard justjes letter oanhâlden. De plysje naam syn mes yn beslach. In bistedokter sil der foar soargje dat it bist snein ôffierd wurdt. De plysje wyt noch net wa't de eigener fan de geit is.

(advertinsje)