Theun Wiersma: "Ik bin foar gelikense kânsen foar elkenien"

05 mrt 2019 - 12:00

Se komme der oan: de Provinsjale Steateferkiezingen. Woansdei 20 maart kin der foar dy ferkiezingen stimd wurde. Alle dagen kriget in listlûker fan in dielnimmende partij de kâns om him of har foar te stellen. Tiisdei is Theun Wiersma, 50Plus-listlûker, oan bar.

Theunis Wiersma - Foto: 50PLUS

Namme: Theun Wiersma

Leeftiid: 60

Wenplak: Drachten

Berop: haad ferieningssaken en kommunikaasje by It Fryske Gea

Hobby: silen, harmoanika spyljen en wat mei de hannen meitsjen

Partij: 50Plus

Lid sûnt: 2013

Besjoch it partijprogramma fan 50Plus

Theun, sizze wy do of jo?

"Beide mei fan my."

Wêrom bisto listlûker wurden? Wêr kinsto it ferskil meitsje?

"De âlderein fertsjinnet it dat ien opkomt foar harren belangen. Njonken AOW en pensjoen binne dat bygelyks goed en betelber wenjen, soarch, berikbere wurkgelegenheid en mobiliteit. Ik bin hikke en tein yn Fryslân en op 'e hichte fan de problemen en tema's dy't der yn de provinsje Fryslân spylje."

"Ik fiel my tige motivearre om 50Plus yn de provinsjale steaten te fertsjintwurdigjen. Ik kin it ferskil meitsje om't ik in ferbiner bin. Ik wol it tegearre dwaan, mei âlderen, mar it leafst ek mei de jongerein yn ús provinsje. Dat betsjut minsken derby belûke, harkje nei wat der libbet en dêr wat mei dwaan."

Wa is dyn grutte politike foarbyld? En wêrom?

"Ik bin foar gelikense kânsen foar elkenien en solidariteit stiet by my heech oanskreaun. Wim Kok is dan ek in foarbyld foar my. Hy wie in echte sosjaal-demokraat en in man dy't ticht by de gewoane man/frou stie. Ik wie eartiids ek altyd in stimmer op de Partij van de Arbeid, mar ha dat geandewei loslitten."

"Foar myn gefoel kaam dizze partij nammentlik hieltyd minder op foar bepaalde lagen fan de befolking. Ik woe de oandacht wer mear rjochtsje op de minsken yn ús maatskippij, wol besjen út it eachweid fan de senior, de âlderein."

Wat is it earste dat der feroaret as dyn partij yn it kolleezje komt?

"Derfoar soargje dat der wier omtinken komt foar de problematyk fan senioaren en âlderein yn ús maatskippij. Yn wiken en yn de doarpen. En derom der foar soargje dat der in deputearre komt dy't âldereinbelied spesifyk yn syn/har portefúlje hat.

Ik wol derfoar soargje dat der wier omtinken komt foar de problematyk fan senioaren.

Theun Wiersma fan 50Plus

Wat fynsto fan de stelling: 'De provinsje kin as bestjoerslaach wol ôfskaft wurde'?

"Dêr bin ik it net mei iens. Om't de lanlike oerheid tige fier ôf stiet fan minsken wurde en binne der mear oerheidstaken oerhevele nei de gemeenten. Mar der binne ek saken dy't de gemeentegrins te boppe gean en net as lanlik oppakt wurde kinne. Hielendal yn in typyske plattelânsprovinsje as Fryslân, dy't ek te krijen hat mei in hurd feroarjende maatskippij.

Dêrom moatte de Steaten sels beslute oer saken dy't de hiele provinsje oangean, lykas romtlike oardering, regionale ekonomy, ferfier, enerzjytransysje, taal, ûnderwiis, sûnenssoarch, etc. Fryslân moat dus in selsstannige bestjoerlike ienheid bliuwe, by foarkar mei in deputearre mei âldereinbelied yn de portefúlje."

Telefyzjeprogramma's lykas Zondag met Lubach en De Wereld Draait Door geane gauris oan de haal mei kampanjefilmkes. Hoe geane jimme dêr mei om?

"Ik begryp it wol. It is leedfermaak. Mar om dy reden hawwe wy ek in behoarlik part fan it budzjet ornearre om profesjonele filmkes te meitsjen. Mei oars in buro út Snits mei hiele entûsjaste jonge minsken."

Wurdt dyn partij of jim kampanje ek sponsore of finansjeel stipe troch bedriuwen?

"Nee. Wy wurkje dan ek mei in lyts budzjet. Us krêft leit yn de motivaasje en 'gedrevenheid' fan de kandidaten en leden dy't fine dat der wat foar de 50-plussers dien wurde moat en dat se einlings ris serieus nommen wurde moatte. Dat betsjut in soad, en sels hurd wurkje mei maksimale ynset. Mar dat hawwe wy der graach foar oer."

Ik kin wekker makke wurde foar ambachtlik makke bitterkoekjesfla mei in doppe echte slachrjemme.

Theun Wiersma fan 50Plus

Fertel ris wat oer dysels dat net ien wit...

"Dat soe wat wêze moatte dat sels myn partner net witte soe en dat is der suver net. Ik bin der bliid mei, want yn in relaasje hearst gjin geheimen foar elkoar te hawwen. Sa bin ik ek yn it wurk en wol ik ek yn de polityk aktyf wêze: iepen, transparant, earlik en betrouber."

Foar hokker Frysk streekprodukt meie wy dy yn de nacht wekker meitsje?

"Ambachtlik makke bitterkoekjesfla mei dêrop in doppe echte slachrjemme. It is wol net in Frysk streekprodukt, mar hat wol in wichtich yngrediïnt út ús provinsje, nammentlik molke. En op it twadde plak komt in lekker stikje oranjekoeke. Net út de supermerk, mar fan de echte bakker en fansels ek dit mei echte slachrjemme."

Wêrom moatte minsken op 20 maart op dy stimme?

"In soad senioaren en âldere minsken fiele har yn 'e steek litten en sykje erkenning foar wat foar harren fan belang is: wenjen, wurkgelegenheid, rjocht op soarch, goed iepenbier ferfier; koartsein in goede libbensomjouwing en feiligens. En boppedat: in stim op 50Plus is hjir ek in stim op 50Plus yn Den Haag. Fia de Provinsjale Steaten kieze wy ek de Earste Keamer. Mei in fersterke 50Plus yn Den Haag kinne wy allegearre ûnsillige plannen fan it kabinet rûnom pensjoen en AOW tsjinhâlde."

Op woansdei 20 maart kinsto stimme foar de Provinsjale Steaten. Tagelyk wurdt der ek stimd foar de Wetterskipsferkiezingen. Noch gjin idee op wa'tst stimme silst? Doch de Stimwizer en lês alles oer de ferkiezingen op ús webside Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

(advertinsje)
(advertinsje)