Waadhoeke wol mear as bêd, bad en bôle foar útprosedearre asylsikers

05 mrt 2019 - 11:38

De gemeente Waadhoeke wol oan útprosedearre asylsikers net allinne basisfoarjennings as bêd, bad en bôle oanbiede, mar ek foar takomstperspektyf soargje.

Foto: ANP

Ynwenners fan de gemeente makken harren soargen oer asylsikers kenber by wethâlder Boukje Tol (fan SAM Waadhoeke). Sy wolle graach foarsjennings foar bêd, bad en bôle foar útprosedearre asylsikers. Ut it petear docht bliken dat se fierder wol as dat: der moatte bliuwende oplossings komme foar harren situaasje.

Gearwurking sykje mei pilotgemeenten

Takom winter wol Waadhoeke neist de basisfoarsjennings foar ûnderdak ek wurk meitsje fan mear takomstperspektyf. Yn Nederlân hawwe op dit stuit fiif pilotgemeenten mei it ministearje fan Feiligens en Justysje, de Vereniging van Nederlandse Gemeenten en in tal oare ynstânsjes ôfspraken makke. Sa moatte saneamde 'Landelijke Vreemdelingen Voorzieningen' realisearre wurde. Dêrmei krije de asylsikers ûnderdak, mar dêrneist ek stipe en begelieding om harren situaasje te ferbetterjen.

Oare Fryske gemeenten binne al mei de gemeente Grins yn petear oer de útwurking fan de pilot. Grins is neist Amsterdam, Rotterdam, Utrecht en Eindhoven ien fan de fiif pilotgemeenten.

Ferfolch

Foar de simmerfakânsje sil der in ferfolchoerlis plakfine tusken de gemeente Waadhoeke en in groep ynwenners om eltsenien op 'e hichte te hâlden fan it plan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)