Fries Museum earder iepen om belangstelling foar Rembrandt en Saskia

It Fries Museum yn Ljouwert iepenet tenei de doarren in oere earder en is op moandei 11 maart in ekstra dei iepen. Dat docht it museum omdat der in protte belangstelling is foar de tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw.
© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De nije iepeningstiden, fan 10.00 oant 17.00 oere, duorje oant de ein fan de tentoanstelling op snein 17 maart. It museum riedt de minsken oan om kaartsjes online te bestellen.
De tentoanstelling Rembrandt & Saskia is sûnt 24 novimber te sjen yn it Fries Museum. Rembrandt van Rijn wurdt dit hiele jier eare. It is 350 jier lyn dat er stoar. Ek oare musea ha spesjale tentoanstellingen oer de skilder.