Soarchgroep Alliade ûnder ferskerpe tafersjoch, bestjoersfoarsitter opstapt

De Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd stelt soarchgroep Alliade fan It Hearrenfean seis moannen lang ûnder ferskerpe tafersjoch. Bestjoersfoarsitter Erik Kuik is op fersyk fan de ried fan tafersjoch fan Alliade opstapt.
© Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
De ynspeksje hat de totale bedriuwsfiering fan Alliade tusken 2008 en 2016 trochljochte: stikken opfrege, petearen hân en de finansjele administraasje ûndersocht. Dêrby is foar it ljocht kaam dat de beslútfoarming by trije oernamen troch Alliade net goed west hat.

Net goed fêstlein

It giet dêrby ûnder oare oer de oername fan thússoarchorganisaasje Zorgkompas en fan de soarchsupermerken fan Support & Co. Neffens de ynspeksje hat Alliade net goed fêstlein hoe't dy besluten nommen binne.
"De inspectie acht het gebrek aan een integere en beheerste bedrijfsvoering een ernstige bevinding", stiet yn it rapport fan de ynspeksje. Dêryn stiet ek dat de soarch fan Alliade wol yn oarder wie.

Alliade: oernamen om besunigingen

Leendert Klaassen, foarsitter fan de ried fan tafersjoch, seit dat Alliade de oernames die, nei't it ryk besleat om te besunigjen op de soarch en de gemeenten mear soarchtaken joech. Alliade akseptearret it rapport fan de ynspeksje en it feit dat se ûnder ferskerpe tafersjoch steane, mar Klaassen hat ek krityk: "De overnames van Zorgkompas en Support en Co zijn volledig betaald uit vrij vermogen en niet met geld dat voor de zorg bestemd was. De investeringen zijn bovendien ruimschoots terugverdiend en weer geïnvesteerd in zorg".

Maatregels

Alliade moat yn de perioade fan ferskerpe tafersjoch maatregels treffe om derfoar te soargjen dat de problemen net op 'e nij plakfine kinne. Se moatte op syn lêst op 16 maart in plan fan oanpak klear ha.

Earder ek al krityk

Alliade hat faker krityk hân fan ynspeksjes. Sa sleat Alliade in pear jier lyn kontrakten ôf mei de Freya Groep, in privee-ûndernimming fan twa Alliade-direkteuren. Sy hellen dêr gjin persoanlik finansjeel foardiel út, mar it hie wol de skyn fan belangeferfrisseling, fûnen de Inspectie voor de Gezondheidszorg en de Nederlandse Zorgautoriteit (NZa).
Ein 2016 krige Alliade in boete fan 70.000 euro fan de NZa, om't Zorgkompas BV, ûnderdiel fan Alliade, de oername fan in oare soarchoanbieder net meld hie.