Lennie op staazje by de provinsje: meirinne mei Rinie van der Zanden
Op 20 maart binne de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten. Dan kinne we stimme foar in nij provinsjaal bestjoer. Foar in soad minsken is it eins net dúdlik wat de provinsje docht. Der is ek net folle streekrjochte kommunikaasje tusken provinsje en boarger. Dêrom rint ferslachjouwer Lennie Bronsveld in wike lang staazje by de provinsje.
Dei 2: Lennie rint in dei mei mei steatelid Rinie van der Zanden, listlûker fan de Partij voor de Dieren.