Kollum: "It burd fan Sjinkie Knegt"

05 mrt 2019 - 08:26

"Sport is emoasje. Kenne jim dy útdrukking? De fraach stelle is him beäntwurdzje, want it is sa'n bytsje it grutste klisjee dat der is. Behalve dat it in klisjee is, ûnderstelt it ek in soarte fan eksklusiviteit. As soe keunst bygelyks gjin emoasje wêze. Of polityk. Of ferealens. It hiele bestean is emoasje.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

In foarbyld dêrfan wie it ynterview mei Sjinkie Knegt foarige wike. Guon seine dat it no al it sportmomint fan 2019 wie. Op himsels ek wer in nuvere fêststelling. It wie in ynterview mei in sportman. Makket dat it dan ta in sportmomint?

As in dowemelker in slim ûngemak hân hat en dêroer befrege wurdt, is dat dan it 'dowemelkersmomint' fan 2019? Of in filmmakker dy't oanriden wurdt it 'filmmomint' fan 2019? Hawar, ik dwaal ôf. Werom nei it ynterview mei Sjinkie Knegt. De man dy't flugger rydt as syn eigen skaad. Europeesk kampioen, wrâldkampioen en medaljewinner op de Olympyske Spelen. Sjinkie Knegt is de man dy't it shorttrack definityf op de kaart set hat yn Nederlân.

It moaie oan Sjinkie Knegt is dat er altyd himsels is, ek al stean der tweintich kamera's op him. Bûten de wedstriden om is dat sa en ek ûnder de wedstriden. Tink bygelyks oan de Olympyske Spelen fan 2014, doe't er diskwalifisearre waard om't er in skoppende beweging makke, en by wize fan freonlike groetnis de beide middelfingers opstuts. Dat is Sjinkie. Unbefongen, frij en net fernield troch mediatraining.

It ynterview fan foarige wike gie oer syn ûngemak. Mar benammen oer de perioade dêrnei. Sân lange wiken yn it brânwûnesintrum yn Grins. Njoggenenfjirtich lange dagen net rinne, net bewege. In hast ûnmooglike opjefte foar in woelwetter as Sjinkie Knegt, de man dy't oars flugger rint, rydt en praat as syn skaad.

Hy fertelde hoe't it sa kaam wie, hoe't de foarkant fan syn lichem fan boppe oant ûnderen ta yn 'e brân stie. Syn burd wie him lyksa fuortbaarnd. 'Dat wie myn rêding', sei er. 'Dêrûnder hie ik gjin brânwûnen.' De wûnen dy't er hie, wiene wol sa slim dat er oan beide skonken in hûdtransplantaasje ûndergean moast.

Sjinkie fertelde dêr mei ynmoed oer. Net sa rap as oars: syn eigen skaad foel no oer him hinne. Dêr siet in man dy't yn alle iepenens wraksele mei dat wat him oerkaam wie. It gesicht wie him in iepen boek dêr't fertriet op te lêzen foel, ûnwissens ek.

En tankberens. Dat lêste bliek doe't de ynterviewer him frege nei de moaiste stipebetsjûging dy't er krigen hie. Hy joech mei de triennen yn de eagen oan dat dy fan Suzanne Schulting kaam wie, krekt nei't se goud wûn op it EK shorttrack, en dat oan him opdroech. Op de fraach dy't dêrnei folge, oft er de sport miste, koe er oars neat as knikke.

Ik seach de kwetsberens fan in grut kampioen, de kwetsberens fan in oprjocht minske. Mar ik seach ek de nije oanset fan syn sa karakteristike burd. En op ien of oare wize joech my dat de wissichheid dat Sjinkie Knegt net allinne wer flugger as syn eigen skaad ride sil, mar dat op syn minst op trije rûntsjes set."

(Advertinsje)
(Advertinsje)