It fytspaad op de Ofslútdyk giet de kommende jierren ticht

05 mrt 2019 - 07:35

Fanwege wurksumheden oan de Ofslútdyk giet it fytspaad op de dyk tusken Noard-Hollân en Fryslân fan moandei 1 april ôf de kommende trije jier ticht. Dat is nedich om de feilichheid fan sawol it ferkear as de minsken dy't oan de dyk wurkje te garandearjen.

fytspaad Ofslútdyk ticht Repo

De ôfsluting fan it fytspaad is ûnder oare nedich foar de bou fan ekstra spuislûzen, pompen en de renovaasje fan de dammen by Den Oever. Dêrneist wurdt der ek nije beklaaiïng oer de hiele dyk oanbrocht. Tagelyk wurket Windpark Fryslân ek oan de oanlis fan kabels foar in wynmûnepark yn de Iselmar.

Foar fuotgongers en (brom)fytsers wurdt ferfangend ferfier regele. Sy kinne fan 1 april ôf fergees gebrûk meitsje fan in fytsbus. Dizze sil ien kear yn it oere ride. Yn in bus passe ûngefear fyftjin fytsen en 25 persoanen. De tsjinstregeling sil fia de webside fan Loket Afsluitdijk bekendmakke wurde.

Nij fyts- en kuierpaad

Fan freed 1 april 2022 ôf kin der wer gebrûk makke wurde fan it fytspaad. Boppedat komt der oan de kant fan de Waadsee oer de hiele lingte fan de Ofslútdyk in nij fyts- en kuierpaad. Dit paad wurdt de kommende jierren oanlein.

Ofslútdyk - Foto: ANP
Trefwurden: 
Ofslútdyk sluting fytspaad
(Advertinsje)
(Advertinsje)