"DENK en Forum voor Democratie minachtsje de Fryske kiezer"

04 mrt 2019 - 22:31

DENK en Forum voor Democratie minachtsje de Fryske kiezer. Dat stelt bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie. Hy seit dit yn reaksje op de wegering fan beide partijen om mei te wurkjen oan ferskate programma's fan Omrop Fryslân.

Stimme - Foto: Shutterstock.com

Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie.

"Als je niet vertelt wat je plannen voor Fryslân zijn, dan laat je mensen stemmen op een soort black box. Dat kan niet", seit Osinga. Beide partijen sette benammen lanlike tema's yn by dizze kampanje foar de provinsjale ferkiezingen. De gedachte is dan ek dat it har foaral te dwaan is om de Earste Keamer. De leden dêrfan wurde keazen troch dy fan Provinsjale Steaten.

Fergoeding

Mochten kandidaten fan dizze partijen úteinlik keazen en beëdige wurde, mar fierder kwealik ferskine, dan kin de provinsje beslute de finansjele fergoeding fan steateleden te keppeljen oan de oanwêzigens by de gearkomsten. Neffens Osinga is dy regeling yn it libben roppen nei de kwestje mei de saneamde 'spook-riedsleden' fan Frisse Wind yn Harns. Ien kear keazen, bliuwt it steatelid de folsleine perioade fan fjouwer jier formeel lid fan de Steaten, ek al komt hy of sy dêr noait.

Gjin reden

DENK en FvD dogge foar it earst mei oan ferkiezingen yn Fryslân. De partijen wienen, krekt as de fjirtjin oare, útnûge foar it grutte listlûkersdebat fan Omrop Fryslân op telefyzje en ek foar radioprogramma's as Buro de Vries en No yn Fryslân. Se jouwe beide gjin reden wêrom't se hjir net oan meidogge.

(advertinsje)
(advertinsje)