"Der binne noch lang net genôch AED's en boargerhelpferlieners"

04 mrt 2019 - 22:12

Ek al binne der hieltyd mear boargerhelpferlieners en hieltyd mear AED's, it binne der noch lang net genôch. Dat seit François Perreau fan it Reade Krús.

In AED-apparaat - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

François Perreau fan it Reade Krús

Yn Fryslân binne der hast 1.000 AED's beskikber en der binne sa'n 10.000 boargerhelpferlieners, dy't witte hoe't se der mei omgean moatte. Dat melde de Hartstichting moandei. Dêrmei is rappe help by in hertstilstân hieltyd better regele yn Fryslân.

Dochs kin dat noch folle better, fynt Perreau. Neffens him witte minsken yn omlizzende lannen folle faker as Nederlanners wat se dwaan moatte yn gefal fan need. In reden dêrfoar is dat de Nederlânske ambulânsetsjinst hiel goed is, seit Perreau. It is lykwols wichtich dat gewoane boargers ek reanimearje kinne, want ik kin soms wol 10 minuten duorje foardat in ambulânse teplak is en dat kin te let wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)