Jong SC Hearrenfean yn lykwicht tsjin Jong Go Ahead Eagles

04 mrt 2019 - 21:49

De beloften fan SC Hearrenfean binne moandeitejûn yn Deventer net fierder kommen as in 0-0 lyk spul tsjin Jong Go Ahead Eagles. Dochs wie it gjin teloarstellende wedstriid yn de ferliezerspûl, want it publyk seach twa sterke ploegen dy't inoar goed yn lykwicht holden.

Foto: SC Hearrenfean

Sa no en dan wiene der oan beide kanten lytse kânsen. Cain Seedorf fan Jong SC Hearrenfean besocht ien fan dy kânsen te fersulverjen, mar skeat de bal op de latte fan de thúsploech.

Nije wike moandei spylje de beloften fan SC Hearrenfean thús op Sportpark Skoatterwâld tsjin Jong SC Cambuur.

(Advertinsje)
(Advertinsje)