Oranjeliuwinnen ferlieze ek twadde duel yn striid om Algarve Cup

De Oranjeliuwinnen, mei de Friezinnen Loes Geurts, Sherida Spitse en Sisca Folkertsma, ha moandeitejûn harren twadde groepswedstriid yn it toernoai om de Algarve Cup ferlern. De winst wie mei 1-0 foar tsjinstanner Poalen. Earder waard der al mei 2-0 fan Spanje ferlern.
© ANP/EPA
Flak foar rêst kaam Poalen op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Agnieszka Winczo. Yn it doel by Nederlân stie net Loes Geurts, mar debutearjend keepster Lize Kop. Sisca Folkertsma wie yn it lêste kertier fan de wedstriid de wiksel foar Sherida Spitse. Oan beide kanten waard in doelpunt ôfkard fanwege bûtenspul.
Bûnscoach Sarina Wiegman Wiegman hie ferskate debutearjende fuotbalsters opsteld. Wiksels yn de einfaze troch spylsters mei mear ûnderfining koene neat mear oan de stân feroarje.
Troch de nederlaach tsjin Spanje wie Oranje al kânsleas foar de finale.