Tieneke Clevering yn It Polytburo: "Wetterskip moat bestean bliuwe"

04 mrt 2019 - 20:37

De taken fan Wetterskip Fryslân moatte net by de provinsje ûnderbrocht wurde. Dat sei Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk Fryslân moandeitejûn yn It Polytburo. Clevering is by de kommende wetterskipsferkiezingen listlûker foar dy partij.

Tieneke Clevering yn It Polytburo

Clevering fynt wol dat it algemien bestjoer minder polityk wurde moat. Yn stee fan partijen soenen der mear belange-organisaasjes yn moatte. "Kristlike diken of 50Plus-diken besteane ommers net", seit Clevering. Ek al bepaalt de provinsje it belied fan it wetterskip, dochs moat dy organisaasje bestean bliuwe, fynt se.

Op 20 maart kin der stimd wurde op Wetterskip Fryslân. Dy ferkiezing is kombinearre mei de ferkiezing foar Provinsjale Steaten, om de opkomst wat te ferheegjen. Cleverings partij, Water Natuurlijk Fryslân, en Lagere Lasten Burger binne de iennichste belange-organisaasjes yn it algemien bestjoer. De oare sitten wurde beset troch de 'gebrûklike' politike partijen.

Yn dat algemien bestjoer sitte 25 leden, 7 dêrfan binne al ferjûn oan lânbou, natuer en bedriuwen. Op de rest kin dus stimd wurde.

Op woansdei 20 maart mei hiel Fryslân wer nei de stimbus om de nije leden fan de Provinsjale Steaten te kiezen. Mar wêr giet dy provinsje eins oer en wat docht dat bestjoer? En wichtiger noch: wat binne, neffens de Friezen, saken dy't it nije bestjoer as earste oanpakke moatte soe? Omrop Fryslân jout in ynsjoch yn de ferkiezingen dy't foar Fryslân fan grut belang binne.

Alle ynformaasje stiet op ús pagina oer de ferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)