Studinten ROC Friese Poort lûke yn by Rabobank yn Snits

04 mrt 2019 - 19:04

Studinten fan de kommersjele opliedingen fan ROC Friese Poort yn Snits krije fan tiisdei ôf les yn de Rabobank oan it Martiniplein. It giet om sa'n 150 studinten fan de detailhannelsopliedingen en it projektburo LINK fan de ôfdieling Economie & Ondernemen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Friese Poort Snits giet nei de Rabobank

Skoalle en bank sprekke fan in win-winsituaasje. De bank hie romte oer en de skoalle kaam krekt romte tekoart. Boppedat is it in trend yn it beropsûnderwiis om faker en mear ferbining mei it bedriuwslibben oan te gean. Dat kin hjir, om't de bank ticht by it winkelgebiet sit en by it bankpersoniel in soad kennis sit.

Der wiene al de nedige kontakten fia gastdosinten en staazjes, mar de ôfstân tusken skoalle en praktyk wurdt no ek letterlik folle lytser. Njonken Friese Poort hiert ek de gemeente Súdwest-Fryslân romten yn it bankgebou.

Trefwurden: 
Snits Rabobank Friese Poort
(advertinsje)
(advertinsje)