Sportoersjoch: WK allround, SC Hearrenfean, Marathon Cup, VC Snits en LDODK

04 mrt 2019 - 18:32

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

WK allround

It WK allround wie dit wykein yn Calgary. Patrick Roest waard wrâldkampioen by de manlju en Sven Kramer wist nei twa ôfstannen al dat hy de titel net pakke soe. De njoggenfâldich wrâldkampioen waard tredde. Dêr moast er sels ek even oan wenne, sei er nei ôfrin fan it toernoai.

By de froulju gie de titel nei Tsjechise Martina Sáblíková. Antoinette de Jong pakte it brûns. Wie dat it maksimaal helbere foar de regearjend Europeesk kampioene?

SC Hearrenfean

SC Hearrenfean pakte dit wykein de twadde thúsoerwinning fan dit seizoen: 4-2 winst op Willem II. Mei in brûzjende earste helte en in beroerde twadde helte; eksimplarysk foar dit seizoen? In pear wiken lyn wie de degradaasjestreek noch flakby en no mei Hearrenfean dochs wer omheech sjen.

KPN Marathon Cup

Yn Ljouwert waard de lêste maraton riden fan dit seizoen. Robert Post bleau Simon Schouten foar yn de Elfstedenhal, mar it klassemint fan de KPN Marathon Cup wie foar Sjoerd den Hertog.

Manon Kamminga pakte by de froulju de oerwinning yn it einklassemint, wylst Irene Schouten sneon de lêste wedstriid wûn. Se fersloech Manon Kamminga by de einstreek.

VC Snits

De folleybalsters fan Snits sitte yn de kampioenspûl. Dit wykein moasten se tsjin Sliedrecht, de lêste jierren de bêste folleybalploech fan Nederlân. Yn de Sneker Sporthal wiene de Snitsers nei in spannende wedstriid mei 3-2 te sterk foar de koprinners.

LDODK

De kuorballers fan LDODK giene op besite by koprinner TOP yn Sassenheim, mar dêr siet in stunt der net yn.

Wedstriid fan de Wike

It wichtichste toernoai fan it jier foar de Fryske shorttrackers stiet kommend wykein op it programma. It slotstik fan it shorttrackseizoen is dêrom de 'Wedstriid fan de Wike'.

(advertinsje)