Nij bereiningsferbod Wetterskip Fryslân wurdt nei alle gedachten folle pleatsliker

Foar Wetterskip Fryslân is de drûchte fan 2018 noch lang net foarby. It wetterskip hat noch hieltiten te krijen mei in delslachtekoart fan sa'n 22 sintimeter. Omdat ek it grûnwetterpeil folle leger is as oars, sil it wetterskip by nije perioades fan grutte drûchte op 'e nij maatregels nimme moatte, seit dykgraaf Paul van Erkelens.
noch
Mar it wetterskip wol dat oars dwaan as yn de waarme simmer fan 2018. "We denken nu meer aan een plaatselijk beregeningsverbod in die gebieden waar het watertekort het grootst is", fertelt de dykgraaf. "Als het water op is, zullen de mensen dat in dat gebied wel begrijpen." Yn Fryslân is benammen de Súdeasthoeke gefoelich foar drûchte.
De dykgraaf wol nije maatregels hiel krekt ôfstimme mei de oare wetterskippen, sadat je net wer de situaasje krije dat Fryske boeren mei de earmen oerinoar sitte, wylst Drintske boeren wol folop oan it bereinen binne. "Dat is uitvoerig geëvalueerd en besproken. Dat gaat niet weer gebeuren", seit Van Erkelens.
Harkje nei dykgraaf Paul van Erkelens
Boeresleat by Hallum © Omrop Fryslân
Tineke de Vries fan boere-organisaasje LTO
Tineke de Vries fan boere-organisaasje LTO dielt de soargen fan it wetterskip. "Dizze winter hat it ek net folle reind", seit se. Mar De Vries moat net tinke oan in nij bereiningsferbod. "Ik hoopje dat dat it lêste is dat it wetterskip betinkt." Foar de langere termyn hopet it wetterskip dat boeren ek sels maatregels nimme om wetter te bewarjen en suniger mei wetter om te gean. Dy techniken binne yn ûntwikkeling, mar kinne allinnich de problemen mei in nije perioade fan drûchte net oplosse.
De Vries hopet dêrom dat 2019 klimatologysk in 'gewoan jier' wurdt, mei ek yn de maaitiid en simmerdeis geregeld in reinbui. "In bytsje in gewoan jier is foar elkenien fierwei it bêste." Van Erkelens hopet dat ek, mar doart dêr net op te rekkenjen. De dykgraaf is al 25 jier yn funksje en hat earder net sa'n lange perioade fan delslachtekoart meimakke. "Een natte winter hoort het tekort weer aan te vullen, maar dat is deze winter niet gebeurd."