Wa betellet it opromjen fan de rotsoai fan de kontenerramp?

04 mrt 2019 - 17:39

Wa betellet de rekken, dat is de fraach nei de grutte kontenerramp begjin dit jier. De earste deklaraasjes fan It Amelân en Skiermûntseach binne al ôfwiisd. Oare partijen wachtsje yn spanning ôf. Fiskers ha al foar tonnen skea oan de netten.

De garnalefiskers ha benammen skea oan de netten. "In skip fisket mei sleepnetten fan sa'n njoggen meter lang oan beide kanten", leit Durk van Tuinen fan de Nederlandse Vissersbond út. "It risiko bestiet dat sa'n net yn in kontener hingjen bliuwt. Ien sa'n net kostet al 3.000 euro en der is al fyftich kear melding makke fan sokke skea. Mar as it hiele túch stikken is dan hast it oer 10.000 euro."

Der is in soad ûndúdlikheid by de fiskers. "We witte net krekt wat de posysje fan de konteners is. Mar we kinne der ek net weibliuwe, want de fiskers moatte ek har jild fertsjinje."

Fiskersseizoen moat noch begjinne

Yn Fryslân binne fyftich kotters. Mei elkoar hat it bûn sa'n 50 oant 60 meldingen krigen. "De skea is al berekkene op sa'n 2,5 ton. En we binne noch mar twa moannen ûnderweis en dan moat it echte fiskersseizoen noch komme."

It bûn hat al ferskate claims yntsjinne by de reder. "Fan in tal ha we befêstiging krigen dat dy binnenkaam binne. Mear net."

Hy hat noed oft der jild komt. "We moatte sjen oft der wat weromkomt, mar dat giet oer jildlike skea, mar it is ek gefaarlik. As netten heakje yn in kontener, moatte de fiskers dy yn waar en wyn wer losmeitsje."

Mei oare organisaasjes sil it bûn in folgjende stap beprate om in plan fan oanpak te meitsjen.

Yn jannewaris sloegen yn totaal 345 konteners oerboard fan frachtskip MSC Zoe. It soarge foar in enoarme gaos op 'e Waadeilannen en lâns de Fryske kust. Auto-ûnderdielen, húsrie, kuolkasten en boartersguod, it spielde allegear oan. Hûnderten frijwilligers en sels it leger holpen mei alles skjin te meitsjen. Mar de fraach is no: wa betellet de rekken foar de opromkosten?

Kosten foar de gemeente

De gemeenten fan It Amelân en Skiermûntseach hawwe yntusken deklaraasjes yntsjinne foar alle makke kosten. Ek fiskers ha skea oprûn troch de ramp, mar gjin inkele fisker hat in sint sjoen. De eigener fan it frachtskip hie earder tasein alle kosten te fergoedzjen, mar komt dêr no, frij ûnferwacht, op werom.

Mei elkoar binne alle skeaclaims opteld sa'n 163.000 euro.

Foto: Omrop Fryslân

It Amelân, Noardeast-Fryslân en Flylân

Fan alle gemeenten hat It Amelân mei 36.000 euro de measte kosten makke. Dêrnei komme Noardeast-Fryslân en Flylân mei beide om de 30.000 euro hinne. De kosten fan Skiermûntseach binne noch net bekend.

Waadhoeke

Waadhoeke hat ûngefear 1.100 euro betelle foar it pleatsen fan in kontener by Swarte Haan. Dêr kin de rommel yn goaid wurde, mar dêr komme de ôffal- en ferwurkingskosten noch by.

Skylge

Opfallend is dat Skylge gjin skeaclaim yntsjinne hat, want dêr ha de bergingsbedriuwen direkt ôfspraken makke mei de fersekerder.

Foto: Omrop Fryslân

Wetterskip Fryslân

De kontenerramp hat Wetterskip Fryslân tusken de 30.000 en 35.000 euro koste foar ekstra dykynspeksjes.

It Fryske Gea

It Fryske Gea hat op dit stuit in skeaclaim fan in lytse 15.000 euro yntsjinne, dit is foar de ynset fan meiwurkers. Dêr oerhinne komme noch de kosten fan twa bedriuwen dy't holpen ha om rotsoai op te rêden. It Fryske Gea rûst dit op noch in lytse 15.000 euro. De kosten fan Wetterskip Noorderzijlvest binne ek noch net bekend.

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)