DE: ynvestearje op De Jouwer

01 jul 2012 - 12:22

DE Masterblenders 1753 sil ynvestearje yn de festiging op De Jouwer. Dat seit topman Michiel Herkemij fan it kofje- en teebedriuw. DE is sûnt koart in selsstannich bedriuwsûnderdiel fan Sara Lee en hat sadwaande ek wer sizzenskip. It bedriuw sjocht De Jouwer as in wichtich ûnderdiel en dat betsjut dat der wer ynvestearre wurde sil, sa seit Herkemij. Dat jildt ek foar it fabryk yn Utrecht.

DE gie koartlyn nei de beurs. Fan nije wike ôf komme de oandielen ek beskikber foar it publyk.

(advertinsje)