Slotstik shorttrackseizoen is 'Wedstriid fan de Wike'

04 mrt 2019 - 17:20

De Fryske shorttrackers sitte sûnt dit wykein yn it Bulgaarske Sofia. Fan freed ôf stiet it wrâldkampioenskip dêr op it programma. Suzanne Schulting is ien fan de titelkandidaten by de froulju. Dêrom is it de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.

Der binne nochal wat Friezen dy't diel útmeitsje fan de seleksje foar it WK shorttrack. Njonken Schulting rydt ek Rianne de Vries yndividueel en fansels ek yn de relay. By de manlju is Itzhak de Laat de iennige Fries dy't yndividueel rydt. Op de relay komme Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Jasper Brunsmann dêr mooglik noch by.

"Der is genôch kâns op medaljes", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. "Op de yndividuele ôfstannen is Schulting fansels dé favoryt, lykas by de allroundtitel. Se hat sa'n topseizoen en dit moat de kroan dêrop wurde."

Fan freed ôf is it wrâldkampioenskip shorttrack live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio en op ynternet yn in liveblog. Boppedat sjogge we alle dagen foarút op Facebook.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)