Mobyl stimlokaal moat ynwenners Súdwest-Fryslân nei de stimbus krije

04 mrt 2019 - 17:05

De gemeente Súdwest-Fryslân stjoert op de dei fan de ferkiezingen foar Provinsjale Steaten in ridend stimlokaal de dyk op. Wêr't it mobile stimlokaal krekt komt, stiet noch net fêst. Dat kinne minsken yn de gemeente sels bepale, troch mei orizjinele ideeën te kommen wêrom't de bus krekt komme moat op it plak dêr't se him ha wolle.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De gemeente seit dat it ridende stimlokaal in ekstra service is, foaral foar de ynwenners dy't oars net stimme soene. It is in ludike manier om te besykjen de opkomst heger te krijen. By de foarige steateferkiezings en wetterskipsferkiezings gie goed 55 persint fan de minsken yn Súdwest-Fryslân te stimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)