Jessie Kroon brûkt al fjouwer jier gjin plestik: "Zero waste werkt verslavend"

04 mrt 2019 - 16:07

In moanne lang gjin plastic brûke, mei dat idee begûn it. Mar dy moanne waard in jier en dat waard twa jier. De susters Jessie (25) en Nicky Kroon (28) út Amersfoort brûke no al goed fjouwer jier gjin plestik. Sa binne se útgroeid oant eksperts op it mêd fan de 'zero waste lifestyle'.

Foto: Omrop Fryslân

Se ha der sels in boek oer skreaun: 'Het Zero Waste Project: Een leuker leven met minder plastic'. Se jouwe geregeld workshops, organisearje eveneminten en wurkje mei partijen oan duorsume inisjativen. Fan ferpakkingen yn de keuken oant selsmakke deodorant oant ôffalfrije klean.

Yn it boek wurdt útlein hoe't je sels mei minder plestik ta kinne. Neffens de skriuwers is it goed om te begjinnen mei plestik produkten dy't je mar ien kear brûke. Jessie Kroon: "Zero waste werkt verslavend: je zult merken dat je vanzelf steeds een stapje verder gaat."

Inmiddels hebben we het eigenlijk naar alle aspecten van onze leefstijl doorgetrokken.

Jessie Kroon

Neffens de susters hâlde je it makliker fol as je sjogge nei wat helber en komfortabel is. Se binne sels yn 2014 begûn mei it ûndersyk nei plestik produkten: "We zijn begonnen met onze boodschappen, dus we gingen kijken of we dingen zonder verpakking konden krijgen, of we ze in onze eigen bakjes en zakjes konden doen en of we ze in een andere of grotere verpakking konden krijgen. Inmiddels hebben we het eigenlijk naar alle aspecten van onze leefstijl doorgetrokken."

Yn it begjin wie dit noch in protte wurk. It boek is foaral bedoeld om oaren dat wurk te besparjen.

Jessie Kroon

Op woansdei 6 maart sille Nicky en Jessie Kroon yn Campus Fryslân yn Ljouwert in lêzing hâlde oer harren projekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)