Oanpak arbeidsyntegraasje by Kijlstra persoaneferfier is 'unyk'

04 mrt 2019 - 16:02

Kijlstra persoaneferfier yn Drachten is in foarbyld foar de rest fan Nederlân op it mêd fan de yntegraasje fan minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Dat sei steatssekretaris Tamara van Ark moandeitemiddei doe't se op wurkbesite wie by it bedriuw.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Van Ark is it benammen bysûnder dat Kijlstra de minsken besiket in fêste baan te jaan, wylst de measte minsken dy't sa in bedriuw binnen komme nei in jier wer fuort binne. Dat komt trochdat nei in jier faak it jild fan de oerheid foar dy ekstra begelieding wer op is.

Neffens Van Ark is dat ek echt in probleem dêr't nei sjoen wurde moat. Se nûge Kijlstra út om yn Den Haag te kommen om harren ferhaal ek dêr te fertellen.

Direkteur Sietze Kijlstra is wiis mei de wurden fan Van Ark. "Wy rinne op it stuit faak tsjin beheiningen op fan de regeljouwing en dan kinne we minsken net goed helpe. De steatssekretaris hat no tasein dat se dêr mei oan de slach wol."

Mar ek al binne de regels net optimaal, dan noch wol Kijlstra minsken sa folle mooglik oan fêst wurk helpe. Oant no ta is dat mei 16 minsken slagge. "En dy binne seker ek net nei in jier wer fuort. Want wa't hjir in dei wurket, wurket hjir foar de rest fan syn libben."

Harkje nei Kijlstra en de steatssekretaris

(Advertinsje)
(Advertinsje)