HEA! Reidsnije mei de Elzinga's
Bûten yn de frije natuer, genietsje fan de stilte... reidsnije is foar Harmen Elzinga fan Aldegea (Sm.) eins it moaiste wurk dat der is. Mei syn heit Henk en neef Willem Elzinga foarmet hy in goed opinoar ynspile team dat it reid snijt, kjimmet en bondelet yn moaie skeaven.