Gemeente Noardeast-Fryslân: 'Wy hjitte net NEF'

De gemeente Noardeast-Fryslân wol net mei de ôfkoarting NEF oantsjut wurde. De gemeente begrypt wol dat de namme Noardeast-Fryslân somtiden te lang is om folút te brûken.
© Noardeast-Fryslân
Mar yn Noardeast-Fryslân sit ek in wurk-learbedriuw dat NEF hjit en as de ôfkoarting NEF brûkt wurdt om de gemeente oan te tsjutten, kin dat foar betizing soargje. En dat wol de gemeente graach foarkomme.

Wat dan wol?

Noardeast-Fryslân brûkt sels oare ôfkoartingen: Noardeast of gemeente Noardeast, of, noch koarter: NF of gemeente NF.