Hieltyd mear bûtenlânske toskedokters yn Fryslân

04 mrt 2019 - 15:34

Fryslân stiet op it fjirde plak as it giet om provinsjes mei de measte bûtenlânske toskedokters. Dat skriuwt it deiblêd Trouw op grûn fan sifers fan de Koninklijke Maatschappij ter Bevordering van Tandheelkunde. Hast ien op de fiif toskedokters yn Fryslân komt út it bûtenlân. Seelân stiet yn it listje boppe-oan. Dêr komt ien op de trije toskedokters net út Nederlân.

Toskedokter - Foto: Shutterstock.com

Dat der sa'n soad toskedokters út it bûtenlân komme, komt troch in grut tekoart oan Nederlânske toskedokters. En dat komt ûnder oare troch in tekoart oan opliedingsplakken. Alle jierren geane sa'n 300 toskedokters mei pensjoen en studearje der 240 ôf.

De brânsj-organisaasje fan toskedokters hat de minister advisearre om it tal opliedingsplakken te ferheegjen. As de minister dêr mei akkoart giet, dan komme de opliedingsplakken der net earder as takom jier. Yn 2027 studearje dan de earste toskedokters ôf. Tsjin dy tiid kin it persintaazje bûtenlânske toskedokters al oprûn wêze fan 17 nei 25 persint.

(advertinsje)
(advertinsje)