Fermiste man wer werom

01 jul 2012 - 11:57

In 76-jierrige man dy't sûnt sneontejûn op De Gordyk fermist waard, is sneintemoarn yn goeie sûnens weromfûn. De man wie op syn skootmobyl út it fersoargingshûs dêr't er wennet fuortgien en net wer weromkaam.

Omdat personiel him soargen makke, waard sneintemoarn in burgernetaksje opstart. Ek waard in helikopter oproppen om te helpen by it sykjen nei de man. De helikopter hoechde net lang yn aksje te kommen, want de man waard koart dêrnei sjoen troch in dielnimmer oan it burgernet-aksjenetwurk.

(advertinsje)