Brân op dak yn sintrum Ljouwert

04 mrt 2019 - 13:56

De brânwacht is moandeitemiddei mei meardere weinen útriden nei it sintrum fan Ljouwert fanwege in melding fan in brân op in dak. It fjoer wie gau ûnder kontrôle.

Foto: Nick den Boer

It fjoer ûntstie op in gebou oan de Weerd yn Ljouwert, by wurksumheden oan in dak. Dat meldt de brânwacht. Doe't de brânwacht oankaam, hiene de dakwurkers it fjoer selsstannich útmakke. Der soe net ien ferwûne rekke wêze.

Brânwachtminsken binne mei in heechwurker it dak op gien, foar in lêste kontrôle.

Neffens de brânwacht is it net ûngebrûklik dat se útride moatte fanwege fjoer by wurksumheden oan in dak. "Dat zien we wel vaker", seit wurdfierder Rutger de Groot.

Trefwurden: 
Ljouwert brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)