Restauraasje Stiennen Man

By Harns wurdt kommende wike begûn mei de restauraasje fan it monumint fan de Stiennen Man. Losse en missende stikken wurde hersteld. It monumint wurdt skjinmakke en de teksten wurde wer lêsber makke. De feriening Oud Harlingen konstatearre ôfrûne jier dat it byld fan Caspar di Robles slim te lijen hat fan waar en wyn.
De feriening frege eigener Wetterskip fan it stik dyk dêr't it byld stiet, om it monumint op te knappen. Wetterskip Fryslân hat dêr yn tastimd. It byld stiet der in dikke fjirtich jier.