Tsjinstesintrum Heemstra State yn Oentsjerk bliuwt definityf iepen

04 mrt 2019 - 12:44

Bedriuwepleats It Aventoer is de nije eigener fan tsjinstesintrum Heemstra State yn Oentsjerk. Hjirmei bliuwt de maatskiplike funksje fan it tsjinstesintrum garandearre foar in protte doelgroepen yn de Trynwâlden. De offisjele oerdracht sil yn juny wêze.

Foto: Omrop Fryslân

Yn novimber 2018 brocht soarchorganisaasje Patyna it tsjinstesintrum yn de iepenbiere ferkeap fanwege jildproblemen. Sûnt 2016 waard mei in protte partners yn de regio socht nei in takomstbestindige ynfolling om de drege finansjele situaasje fan it tsjinstesintrum oplosse te kinnen. In betingst foar de ferkeap wie it behâld fan de maatskiplike funksje fan it sintrum.

It Aventoer is gjin ûnbekende yn Heemstra State. Al goed tsien jier binne de minsken mei in ferstanlike beheining fan It Aventoer en harren begelieders in stabile krêft yn it sintrum. It Aventoer wie yn 2018 in tsjinstferlieningsoerienkomst oangien mei Patyna foar de eksploitaasje fan it tsjinstesintrum.

Foar It Aventoer waard it dêrnei hieltyd dúdliker hoe wichtich Heemstra State is foar de Trynwâlden. Der wurde bygelyks eltse moanne tsjerketsjinsten holden en der komme in protte ferieningen del foar it iten yn it restaurant.

Patyna bliuwt yn de regio aktyf as thússoarch- en WMO-oanbieder en as soarchferliener foar de kliïnten fan Noflik Wenje (in lytsskalige wenfoarsjenning foar âlderen mei demintens). Der wurkje goed 130 meiwurkers foar Patyna yn de Trynwâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)