PvdA It Hearrenfean: "Station Thialf is een basisvoorziening"

04 mrt 2019 - 12:38

De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer wol fan steatssekretaris Stientje van Veldhoven witte wêrom't der gjin treinen stil stean by it stasjon by iisstadion Thialf op it stuit dat der reedrydeveneminten binne. Jaap Stalenburg, PvdA-riedslid op It Hearrenfean en kandidaat-steatelid foar dy partij, fynt it net mear as logysk dat it stasjon brûkt wurdt. "Dit is een basisvoorziening."

Foto: Jaring Rispens

Neffens berekkeningen kostet it sa'n 10.000 euro om it stasjon by it iisstadion te brûken. Dochs is dat neffens Stalenburg gjin reden om it net te dwaan. "De trein moet daar gewoon stoppen. Nu kunnen mensen een keer per uur met de bus. Dat zorgt voor chaos. Bij ieder evenement in Thialf staat heel Heerenveen vast."

Boppedat docht út ûndersyk fan reizgersorganisaasje Rover bliken dat minsken mei in beheining no net nei Thialf komme kinne, om't se mei de bus moatte. "Dat zou niet mogen", fynt Stalenburg. "Er ligt een prima perron, waar nu niets mee gedaan wordt. Dat noem ik pure kapitaalvernietiging."

Foar de 10.000 euro dy't it kostje moat, wit Stalenburg wol in oplossing. "Als je ziet hoeveel mensen er per trein naar schaatsevenementen gaan, dan wordt die 10.000 euro makkelijk terugbetaald."

Jaap Stalenburg oer it stasjon by Thialf

Trefwurden: 
It Hearrenfean PvdA Thialf
(Advertinsje)
(Advertinsje)