Problemen yn Warkumer swimbad De Rolpeal wurde gau ferholpen

It sil in soad minsken yn Warkum en omkriten oer it mad kaam wêze, de sluting fan swimbad De Rolpeal. Samar ynienen kin net ien der mear yn en dat betsjut dus: net mear lekker baantsjes lûke, mar ek net: swimlesse. Der binne technyske problemen, wêrtroch't der no net swommen wurde kin.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
It is hiel waarm, en dat komt troch de hege luchtfochtichheid. It is hast 30 graden. "Een van de luchtbehandelingskasten op het dak is stuk waardoor de circulatie niet goed werkt", leit bedriuwslieder Martin Doef út. "Personeel krijgt hoofdpijn en last van de luchtwegen. Hun gezondheid gaat voor."
It is wol spitich, want hy hat allegear groepen ôfsizze moatten. Hy hopet dat it mar in pear dagen duorret. "Er moeten onderdelen komen, en hopelijk komen die morgen."
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Nij bad

Warkum krijt ek in nij swimbad, mar dat iepenet net earder as yn augustus. "Ons bad is eigenlijk vier maanden te vroeg kapot gegaan" laket Doef. "We doen ons best om snel op een goede manier weer open te gaan."